Fan 16.00 uur oant 20.00 oere yn it Adverium yn Drachten (de lokaasje is ûnder foarbehâld).
Dielnimmers: fjildgroep
Twadde fase ûntwikkeling nij kurrikulum far Fryske taal en kultuer
Yn maart 2020 hat de Provinsje Fryslân oan Cedin de opdracht jûn om de twadde faze fan de ûntwikkeling fan it kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer út te fieren. De opdracht is om fuortbouwend op ‘e produkten dy’t yn ‘e earste faze ûntwikkele binne, no boustiennen op te stellen dy’t de basis foarmje foar de kearndoelen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer. Dy opdracht moat fóár 1 oktober 2020 realisearre wêze.
Yn de earste faze fan Kurrikulum.frl hat in ûntwikkelteam fan leararen pû en fû en skoallieders yn oparbeidzjen mei saakkundigen in start makke mei de ûntwikkeling fan in nij, eigentiidsk kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer. Yn dy earste faze is in protte omtinken jûn oan it opstellen fan in fyzje op it leargebiet en de earste ferzje fan de Grutte Opdrachten (GO’s). It ûntwikkelteam hat dêr aktyf feedback op frege by skoallen en oare partijen dy’t belutsen binne by it ûnderwiis fan it fak Frysk. Op dy wize is wurke oan in breed draachflak foar it nije kurrikulum. Yn de twadde faze sille wy mei ynmoed fierder wurkje oan de besteande dokuminten en stribje wy der nei om op ‘e nij it wurkfjild safolle mooglik te beheljen by de ûntwikkeling.
Kurrikulum.frl slút oan by Curriculum.nu, dy’t lanlik de kearndoelen foar alle fakken oanpast. It fak Frysk falt sûnt 2014 net mear ûnder it foech fan it ministearje fan OCW, mar ûnder dat fan de Provinsje Fryslân. Dêrom hat de Provinsje Fryslân de opdracht jûn om ek foar it fak Frysk de kearndoelen te aktualisearjen.
Op fêste tiden wurdt kritysk sjoen nei de ynhâld fan ús ûnderwiis mei as sintrale fraach: watfoar kennis en feardichheden hawwe learlingen nedich? Dat dogge wy op allerhande nivo’s: yn ‘e klasse, op skoalnivo en ek op lanlik nivo.
De twadde faze fan de ûntwikkeling fan it kurrikulum foar it leargebiet Fryske taal en kultuer wurdt útfierd ûnder rezjy fan Cedin.
De twadde faze fan de ûntwikkeling fan it kurrikulum moat tusken 1 maart en 1 oktober 2020 útfierd wurde. Soks freget om in strakke planning. De fjildgroep komt fjouwer kear in deidiel byinoar om te wurkjen oan de oanpassing fan de Grutte Opdrachten en it formulearjen fan de boustiennen.
28 maaie 2020
Fan 16.00 uur oant 20.00 oere yn it Adverium yn Drachten (de lokaasje is ûnder foarbehâld).
Dielnimmers: fjildgroep
11 juny 2020
Fan 16.00 oere oant 20.00 oere yn it Adverium in Drachten (de lokaasje is ûnder foarbehâld).
Dielnimmers: fjildgroep
20 augustus 2020
Fan 16.00 oere oant 20.00 oere yn it Adverium yn Drachten (de lokaasje is ûnder foarbehâld).
Dielnimmers: fjildgroep
22 april 2020
Fan 9.00 oere oant 17.00 oere. Y.f.m. it koroanafirus is de gearkomste online (fideokonferinsje).
Dielnimmers: stakeholders
25 juny 2020
Fan 9.00 oere oant 17.00 oere yn it Adverium yn Drachten (de lokaasje in ûnder foarbehâld).
Dielnimmers: stakeholders