Fuortgong & feedback jaan

Hjirûnder stiet de konsepttekst fan de oanpaste Grutte Opdrachten. Elk koe oant 1 maaie 2020 in reaksje jaan op de konsepttekst oan ‘e hân fan de fragelist dy’t der by stiet.

Wy binne no dwaande mei it ferwurkjen fan ‘e feedback yn de tekst .

In gearfetting fan de reaksjes  sil  ek op dizze side publisearre wurde. De feedback sil brûkt wurde by it opstellen fan de definitive teksten.

De konseptteksten fan de boustiennen wurde op 22 juny op de webside set. Ek op dy teksten kin feedback jûn wurde oan ‘e hân fan de bylevere fragelist. Dat kin oant 23 augustus.

Alle reaksjes sille ek op dizze side publisearre wurde. De feedback sil brûkt wurde by it opstellen fan de definitive teksten.

Oanpaste Grutte Opdrachten

Troch op ûndersteande knop te klikken, kinst de oanpaste grutte opdrachten besjen.

Fragelist oanpaste Grutte Opdrachten

De termyn fan reagearje is ûnderwilens foarby. Do kinst de fragelist hjirûnder noch ynsjen.

Argyf faze 1

Yn ‘e earste faze is fan Kurrikulum.frl út praat mei safolle mooglik persoanen dy’t op de iene of de oare wize belutsen binne by it Frysk op skoalle. Dy petearen wienen oan ‘e iene kant ynformatyf as it giet om de bedoeling en wurkwize fan it projekt. Oan ‘e oare kant wienen se bedoeld om te hearren hoe’t der tocht waard oer it aktualisearjen fan de kearndoelen en de eintermen Frysk. Wat foar ferwachtings binne der by sa’n oanpassing? Watfoar ideeën binne dêr oer? Hoe kinne wy gearwurkje?

Hjirûnder fynst de dokuminten út de earste faze fan it projekt Kurrikulum.frl.

Menu