Fragen dy’t fan belang binne by de ûntwikkeling fan it kurrikulum Frysk binne ûnder oare:
- Hoe hâlde wy romte foar skoallen om sels it programma te bepalen, sadat soks oanslút op harren fyzje, learlingen en omjouwing?
- Hoe kinne wy dúdlikens kreëarje: wat moatte alle learlingen leare en hoefolle romte is der oer foar eigen ynfolling?
- Hoe hâlde wy rekkening mei de ferskillen yn taalachtergrûn fan de learlingen?
- Hoe dogge wy rjocht oan bygelyks Europeeske ferdraggen dy’t der binne om de posysje fan it Frysk te beskermjen?
It doel fan de oanpassing is:
- Romte jaan oan de trije doelen/funksjes fan ûnderwiis: persoansfoarming, kwalifikaasje en sosjalisaasje (Biesta).
- Gearhing befoarderje yn de ûnderwiisynhâld: tusken fakken en yn it fak sels.
- Soargje foar trochrinnende learlinen (en soepele oergongen) yn it Fryske taal- en kultuerûnderwiis.
- Oerladenheid yn it ûnderwiisprogramma werombringe.
Deistige wurksumheden
De deistige wurksumheden wurde útfierd troch in team fan fjouwer persoanen mei kennis en ûnderfining op it mêd fan taalûnderwiis yn it algemien en ûnderwiis yn it Frysk yn it bysûnder. Dêrneist hat it team ekspertize op it terrein fan de leardoelen en kurrikulumûntwikkeling, it oersetten fan doelen nei lessen en learkrêfthanneljen en fan projektorganisaasje en –oanstjoering. Twa teamleden hawwe ek yn de earste faze belutsen west by de ûntwikkeling fan it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer.
It team bestiet út:
- Ferdau Terpstra, ûnderwiisadviseur taal en meartaligens Cedin
- Marjolijn Sikken, ûnderwiisadviseur taal en ûnderwiisynnovaasje Cedin
- Gerbrich de Jong, dosint Frysk by NHL Stenden en Ryksuniversiteit Grins
- Bernadet de Jager, ûndersiker en ûnderwiisadviseur meartaligens en kwaliteitssoarch Cedin
Grutte Opdrachten
Krekt as by Curriculum.nu wurdt wurke op basis fan de fyzje wat de Grutte Opdrachten fan it leargebiet binne. It giet winliken om de wichtichste ynsichten fan en oer it leargebiet dy’t learlingen útdaagje ta betsjuttingsfol learen. De Grutte Opdrachten beskriuwe de kearn fan wat learlingen fanút it perspektyf fan it leargebiet nedich ha om de wrâld begripe te kinnen (kennis) en om yn dy wrâld adekwaat hannelje te kinnen (feardichheden). De Grutte Opdrachten liene har foar útwurking yn in trochgeande learline en sille mei ferskillende aksinten útwurke wurde kinne yn de ferskillende bouwen fan it ûnderwiis (pû-ûnderbou, pû-boppebou, fû-ûnderbou).
De Grutte Opdrachten hawwe de folgjende skaaimerken.
- Se hawwe in ûnderboude relaasje mei de fyzje;
- Se biede ynsichten óer it leargebiet (nei bûten rjochte: wat docht it leargebiet yn de wrâld?) en fán it leargebiet (nei binnen rjochte: wat learsto fan it leargebiet?);
- Se omfiemje it folsleine leargebiet en binne foar safier as mooglik werkenber en brûkber foar alle dissiplines yn it leargebiet;
- Se binne yn ‘e kearn werkenber foar sawol it pû as it fû;
- Se binne oer te setten nei en út te wurkjen yn kennis en feardichheden foar ferskillende bouwen.
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Curriculum.nu.
Boarne: https://www2.curriculum.nu/assets/uploads/2019/10/Bijlage-5-Werkopdracht-van-de-ontwikkelteams.pdf
Boustiennen
De boustiennen jouwe in útwurking fan de Grutte Opdrachten yn wat learlingen yn elke bou nedich ha oan kennis (kenne) en feardichheden (kinne). Mei feardichheden bedoele wy sawol fakspesifike feardichheden as ek brede feardichheden, dy’t yn meardere leargebieten oan `e oarder komme kinne.
De boustiennen beskriuwe dy kennis en feardichheden dy’t:
- nedich binne foar de trochgeande learline fan it leargebiet en de oansluting op it ferfolchûnderwiis (mbû, hbû en wû);
- in basis lizze foar tapassing yn oare leargebieten;
- relevant binne foar learlingen mei it each op takomstige ûntwikkelingen yn `e maatskippij en it leargebiet.
Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Curriculum.nu.
Boarne: https://www2.curriculum.nu/assets/uploads/2019/10/Bijlage-5-Werkopdracht-van-de-ontwikkelteams.pdf